Zea - Dat komt troch it libben by Leeuwarden UNESCO City of Literature published on 2022-12-21T07:08:15Z Voor Janke van Dijk Hoe 't alles sa rint, dat komt troch it libben Fan út har keukensrút yn Leppehiem sjocht sy it hûs fan 'e dûmny Dat-is wêr 't Janke Lemstra yn 'e hûs kaam Se wie tolve jier kinst wol oan it wurk sei mem passe op 'e bern die kweekskoalle yn Snits moatst mar ferjitte dêr meist net hinne fan heit Want it is oarloch en yn Snits wurdt op 'e Dútsers sketten Hoe 't alles sa rint, dat komt troch it libben Oanpakke sei heit, net ik wol dit, ik wol dat Sy kaam yn Akkrum te plak en leerde alles naaie en skilderje en dûnsje mei Pieter Dy't by de befrijing mei it corps spile Dêr kaam leafde fan sy trouwden en krygen twa bern en yn 'e jûntiid leerde Janke noch foar kleuterjuf Mar wêr is dat goed foar ik ha dochs in goeie baan fûn Piet Hoe 't alles sa rint, dat komt troch it libben de bern groeiden op, nei de middelbare Janke seach ris goed om har hinne gie by it UVV en by it Reade Krús,en kaam as help by de minsken thús Se rûn kollektes foar - it heart en de reuma - De minsken helpe hie se thús leard Mem gie te bakerjen Stie ek altiid klear Wy hawwe it yn 'e earste brij te iten krigen En yn corona tiid Dichters op 'e dyk Janke sei jim hawwe wol wat fertsjinne Sy gooide snoepkes ta Fan ôf har balkon Sy fynt it moai om foar in oar wat te betinken Hoe 't alles sa rint, dat komt troch it libben En op in stuoltsje, yn 'e keamer sit in teddybeer mei in pet op en in pakje oan, die beer krige Janke op har jierdei doe 't se twa waard Op in brief hat se skreon foardat sy it ferjit har libbensferhaal en in gedichtje "Graag zou ik mijn beer meenemen op de grote reis mijn laatste wens zonder kleertjes" Hoe 't alles sa rint, dat komt troch it libben