Zea - Safolle dingen dêr't de doarkes fan iepen kinne by Leeuwarden UNESCO City of Literature published on 2022-12-21T07:14:06Z Voor Neeltje van der Veen-Bottema Zea - Safolle dingen dêr 't de doarkes fan iepen kinne Ik wie fiif jier en doarst alles As bern klom ik yn 'e heechste beam Mar doe 't de tommies oerfleagen, krûpten wy ûnder de tafel It opletten fan doe bin ik net ferleard De katolike jonges op 'e brêge, moarns betiid, blokkearren ús de wei Wy wachtten, tochten; sy moatte dochs ek nei skoalle En soms sei ik dan "kom mar mei ús mei" Safolle dingen dêr 't de doarkes fan iepen kinne Safolle dingen wol ik dwaan Safolle dingen dêr 't de doarkes fan iepen kinne Safolle wille haw ik hân Mei myn bêste freondinne, naam ik de trein, net nei Grins, mar fuort nei Amsterdam Dat wie de oare wereld, wy rûnen as frjemdlingen Sa binne wy de hiele stêd trochstapt It wie krekt as hiene wy oare fuorten Wy groeten elkenien prettig en bliid Mar yn ús doarp dêr rûnen de minsken inkeld mar nei tsjerke It wie krekt as sliepten se de hiele tiid refrein Ik wie tritich jier en ik woe neat misse As se seine "do moatst mei", wie ik der by Ik woe alles sels dwaan, ik woe hiel selsstandich wurde Mar mem sei: "Do dochtst it wol mei beleid." As ynfaljuf stie ik faak foar 'e klasse Ik lake, oh wat wiene dy bern leaf Jûns op myn keamer stie ik it lesjaan te oefenjen Fan dy bern ha ik echt in hiel soad leard refrein Ik bin hast achtentachtich, mar kin noch altyd op myn hannen rinne De fuorten omheech en alles los En witst, as der soms es ien ferfelend is Ast in ferske sjongst dan wurd it fuort oars Ik advisearje elkenien: moatst op dyn kop stean gean En nea sizze "dat kin ik net mear" Wy kinne it feest sels meintsje, wy kinne dûnsje yn 'e hûs Wille is alles, dat ha ik elke dei wer leard refrein En as ik soms wolris mei gong nei tsjerke Stopten wy in kwartsje yn in ingeltsje dat begûn dan te knikken yn gebed En as wy der dan útrûnen en it ingeltsje wie útknikt Sloechen wy 'm op 'e harsens en dan die der it wer Refrein Comment by Mica Burrill appreciating it 2022-12-21T11:07:11Z