published on
Voor Margje Dam
De ballonnen efternei
It is tweintich oer fjouweren healwei Desimber,
ik lústerje nei dyn libbensferhaal
In slach troch De Jouwer, it iis op 'e sleatten,
do sist en ik triuw dy yn dyn rolstoel de dyk oer
Dyn earste oentinken; mei heit op 'e pream,
farre oer de Tjonger fan boer nei boer
Jim helje de molke, út it reid fljocht in wylp op,
hy fluitet in ferske, jimme hiene it goed
Wy rinne lâns winkels, lâns huzen en tsjerken,
de minsken, sy groetsje, ien freechet 'Hoe ist?'
ik byld my dy yn, in famke fan sechtjin
stapt op in brommer nei de D.E. fabryk
Wat hiene jimme wille, dyn bêste freondinnen,
dy freonskip is bleaun, de dames fan 'e tee
En op sneontejûns mei jins allen te dûnsjen,
it leafst nei de Muizeval yn It Hearrenfean
Margje, do sjochst noch altyd omheech
Fertelst fan it moais, it ljocht, de muzyk
Soms binne de dagen tsjuster en dreech
Mar do wurkest dyn wei troch it fertriet
Sjoch dêr wie ús hûs en dêr wennet Willem,
op fiifhûndert meter, wy sjoche him straks
It wie yn 'e nacht, nei hûs op 'e tomme,
hy stoppe syn auto yn It Fean, op 'e Skâns
Hy brocht dy thûs en tocht 'dy is fan my'
en fiiftich ier fjirder fertelt 'r oer dy
Do wiist de knapste, de leukste, de leafste,
'it famke fan 'e Skâns', hy freeche dyn hân
Margje, do sjochst noch altyd omheech
Fertelst fan it moais, it ljocht, de muzyk
Soms binne de dagen tsjuster en dreech
Mar do wurkest dyn wei troch it fertriet
Willem kin prate, grutte ferhalen
oer wat jimme diele, jim heart foar muzyk
Wy sitte yn 'e hal fan it âlde gemeentehûs,
links stiet in krystbeam en rjochts stiet in fyts