Zea - De wissels fan Jan de Vries by Leeuwarden UNESCO City of Literature published on 2022-12-21T07:19:03Z Voor Jan de Vries De wissels fan Jan de Vries Jan hat in kaart mei de nûmers fan syn libben foar him lizzen No jou ik in slinger oan de molen en ik lês de nûmers op Harkje nei it libben fan in tûke boerejonge Bliuw mar sitten, sjoch nei de sifers ûnder BINGO Ut de lûdsprekkers fan multifunctioneel centrum It Klif yn Aldermardum klinkt "En het volgende nummer is 54". Jan de Vries springt op en ropt "Ja, Bingo." Hy hat de earste priis: fjour dagen nei Barcelona, all-in, mei de frou. Mar hy seit "Bist net wiis." Sy binne der net west want de twadde priis wie in Retro Radio en Jan is in muzyk-freak. Jan freeche de oare winnares: "Wolle jo wol ruilje?" No klear, dat woe se wol, lyk om lyk. Jan hat mei syn Boukje al twa moaie jongens krigen No is sy wer zwanger en der kom in tredde by Jan seit "Dokter, it binne der twa dat kin net misse" En ja, twa famkes, dat wie de bûter yn 'e brij Op in pinkstermoandei rint Jan de Vries mei syn maat yn it Rysterbosk op 'e feint-en-famme merke, beide elk efter in mokkeltsje oan Fan foar yn it boskein hielendal nei see. Sy freechje harren te wandelen, en dan "Mei ik dy thús bringe?" en "Mei ik wer komme?" Mar syn maat hat in leafer famke, sy hjit Boukje, en Jan seit "Wolst wol ruilje?" En dat woe d'r wol, lyk om lyk en no binne Jan en Boukje troud, al 62 jier. Jan waard in lytsboer mei tsien kij mar krige it moeilik No koe hy net groeie dat hy woe der wol fan ôf Ruile it spul om foar in molke auto Syn soannen kamen der by en rinne no in pracht bedriuw Tsientûzen jier lyn wie it allegearre iis hjir yn Fryslân In gletsjer lei doe by Koudum in bult keiliem del En dat dat in seine wie foar de túnbou kamen Jan en Baukje achter Se ruilen har wenning yn It Heidenskip om foar in nij hûs en folkstún yn Koudum Koudumer beantsjes binne in begrip yn 'e regio en de fakânsjes waarden der op plante; tusken it ôfdwaan fan 'e ierdbeien en it rispjen fan 'e beantsjes siet krekt in wike Jan hat in kaart mei de nûmers fan syn libben foar him lizzen No jou ik in slinger oan de molen en ik lês de nûmers op Harkje nei it libben fan in tûke boerejonge Bliuw mar sitten, of wolst wat oars ruilje dan om En it folgjende nûmer is: 124 - safolle kilometer ist riden nei Beverwyk om op 'e zwarte markt mzyk te keapjen 1400 cds kocht Jan, 1800 singles en 2600 platen. En it folgjende nûmer is: 222 - it hûsnûmer yn Talma Hiem dêr 't al dy muzyk no op 'e kompjûter stiet, BINGO!