Zea - De wrâld fan ien hân by Leeuwarden UNESCO City of Literature published on 2022-12-21T07:03:18Z Voor Rinze Wassenaar De wrâld fan ien hân ik sjoch in wyt doek in doek dêr 't neat op stiet mar dan fyn ik it moai as der wol wat op stiet ik lit dingen fuort of meitsje se grutter myn hân lûkt rûne halen wat ik betink sil it wurde Yn 'e wachtkeamer fan lijnen en kleuren giet de tiid folle flugger en kin alles gebeure ik haw mar ien hân en ryd sa oer dyn teannen moatst net links fan my stean gean want dy kant bin ik ferlern ik bin operearre waard yn in oare wrâld wekker de wrâld fan ien hân mar ik kin my der wol rêde ik sil foar dy skilderje harkje nei myn trompet, ik kin 'm sa foar dy krije hear hy hjir stiet flak by myn bêd Yn 'e wachtkeamer fan lijnen en kleuren giet de tiid folle flugger en kin alles gebeure Ik wit ik sit en ik moat wat dwaan As ik spylje of skilderje Ferjit ik dy foet en dy hân Yn 'e wachtkeamer fan lijnen en kleuren giet de tiid folle flugger en kin alles gebeure