Zea - In famke op 'e dyk by Longerhou by Leeuwarden UNESCO City of Literature published on 2022-12-21T07:16:33Z Voor Ali Vis-Visser In famke op 'e dyk by Longerhou D'r rint in famke op 'e dyk by Longerhou troch it bosk, it paadsje nei de trein Sy wuift nei heit, hy komt foarby mei hynder en wein Dat famke wit noch net dat sy straks yn in greppel dûkt De gotten fan ferset, fan oarloch fuort Wer 't sy feilich wêze sil, en net bang Dat famke dat letter briefen skriuwt mei in feint, mar ien kear sjoen op It Amelân In leuke Boy Scout dy 't yn Ynje tsjinje moast Dat famke heakket yn 'e earm fan har freondin Sa dûnsje hja de dyk by del Net wittende dat sy tweintich jier dêrnei tsjin de dûmny sizze sil Ik bin in sinnestriel Dûnsje is wat de sinne sil It is net frjemd, it fielt fertroud Dûmny, dit is net fout Ik bin in sinnestriel Dûnsje is wat de sinne sil Wy binne al âld en wy binne al troud Dûmny, wy dogge it wol Der fytst in famke op 'e dyk by Longerhou sy sutelt mei fleis dat stikum slachte is wiist de hollanners it paad nei har hûs dêr 't mem harren griesmeel en bôle jout Dat famke wit noch net dat sy ferpleechster wurdt Har leafde trout en mei trije bern letter de hiele wrâld oerfljocht Dat famke sil reizen liede, tennisje en sjonge en gymnastykje Dat famke sil organiseerje en it hiele doarp foarsitte En yn 't tsjerke in dûnsgroep beginne mei oan 'e doar dûmny en âlderlingen, dy 't roppe "Zo dicht bij elkaar, daar kan de vlam in vliegen" En dan sil sy sizze Ik bin in sinnestriel Dûnsje is wat de sinne sil It is net frjemd, it fielt fertroud Dûmny, dit is net fout Ik bin in sinnestriel Dûnsje is wat de sinne sil Wy binne al âld en wy binne al troud Dûmny, wy dogge it wol Der wuift in famke op 'e dyk by Longerhou Nei de soldaten, sy sliepe yn it hea En mem mei TBC yn in tintsje yn 'e tûn Sy hat sân bern, in sterke frou Dat famke sil mei in groep freondinnen nei Gaasterlân en it wetter op, in pilske drinke want op 'e boat is tee al gau te flau Dat famke sil minsken ferbine, fertelle hoe 't se fierder kinne Har man fêsthâlde en ferlieze en hy sil dan "Ik bin der" sizze Dat famke sil libje mear as njoggentich jier en stelle "ferlies komt altyd te betiid" En foar de dûmny dy 't sei dat dûnsjen net hillich is, sjongt se in prachtich liet: Ik bin in sinnestriel Dûnsje is wat de sinne sil It is net frjemd, it fielt fertroud Dûmny, dit is net fout Ik bin in sinnestriel Dûnsje is wat de sinne sil Wy binne al âld en wy binne al troud Dûmny, wy dogge it wol